Arriva snapt provinsje net

17 jan 2007 - 15:32
  • Arriva-direkteur Hettinga snapt provinsje net

Iepenbier Ferfiersbedriuw Arriva hat de ôfrûne moannen problemen hân mei útfal fan busritten, mar direkteur Anne Hettinga snapt net wêrom't de provinsje him op it matsje ropt.

Neffens Hettinga bliuwt de útfal fan it busferfier yn Súd-East Fryslân binnen de noarm dy't ôfpraat is mei de provinsje. Ek soene der al ôfspraken makke wêze mei de provinsjes Grinslân en Fryslân oer de ekstra treinen op it trajekt Ljouwert-Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)