Wer stimme mei read potlead

Frjentsjer en Flylân stimme wer mei potlead
Frjentsjerteradiel en Flylân sille ek by de Provinsjale Steateferkiezingen fan 7 maart wer mei it reade potlead stimme moatte. De stimmasines fan SDU meie net brûkt wurde om't se net fraudebestindich binne.
Ek ferbetteringen oan de masines hawwe it euvel net ferholpen. Yn Frjentsjer hiene se dit beslút net ferwachte, omdat TNO wol in goed oardiel oer de feroare SDU-masines joech.