Fryske stand yn Berlyn

© Omrop Fryslân
Minister Veerman fan Lânbou iepent kommende freed de Fryske stand op de beurs Grüne Woche yn Berlyn. De minister is dêrfoar frege om't Fryslân troch jild fan it ministearje fan Lânbou meidwaan kin oan de beurs.
Troch dat jild, mar ek troch ekstra jild fan it bedriuwslibben, kin no yn in grutter stik fan Dútslân reklame makke wurde foar Fryslân. No't de ekonomy ek yn Dútslân oanlûkt, fer- wachtet Fryslân mear toeristen dêrwei.