Bromfytster nei botsing biten
Yn in tunneltsje ûnder de Noorderhogerweg yn De Pein binne tiisdei in bromfytster en fytser mei elkoar yn botsing kaam. De fytser rekke dêrby ferwûne oan syn earm en moast oerbrocht wurde nei it sikehûs.
De bromfytster helle nei it ûngelok help en waard doe biten troch in hûn. Sy hat yn it sikehûs út foarsoarch in tetanus-prik krigen.