'Gemeente moat azc keapje'

17 jan 2007 - 11:07

VVD Smellingerlân fynt dat de gemeente de gebouwen fan it asylsikerssintrum yn Drachten keapje moat. As der in generaal-pardon komt foar 26.000 útprosedearre asylsikers komt it azc yn Drachten leech. Tinksportklups en muzykferienings soene der dan ûnderdak krije kinne.

Smellingerlân soe neffens de VVD troch de gebouwen te keapjen wat dwaan kinne oan de húsfestingsproblemen fan in soad klups en ferienings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)