Goed briedseizoen Boschplaat

© Omrop Fryslân
Troch mear rêst yn it briedseizoen binne hast alle soarten briedfûgels dy't op de Boschplaat op Skylge thúshearre, dêr no ek te finen. Neffens Staatsbosbeheer falt foaral it tal briedgefallen fan de Klikstirns op mar it giet om mei-elkoar 21 soarten.
Yn it briedseizoen is it gebiet no sa goed as ôfsletten. Opfallend is ek dat de Boschplaat folle minder besikers lûkt. It gebiet is minder tagonklik foar skippen dy't droechfalle wolle.