Earedivyzje foar froulju

17 jan 2007 - 10:01
  • Froulju Hearrenfean nei Earedivyzje?
  • It soe in ympuls oan it frouljusfuotbal jaan kinne

Sportclub Hearrenfean hat ynteresse om mei te dwaan oan in earedivyzje foar froulju. Tiisdeitejûn hawwe seis earedivyzjeclubs oerlis hân om in nije kompetysje te begjinnen. Yn de earste divyzje hat Cambuur ek ynteresse.

Op dit stuit is der in haadklasse, mar dêr binne profclubs net by belutsen. FC Twente hat al tasein, Hearrenfean, Feyenoord, Ajax, PSV en FC Utrecht moatte foar 24 febrewaris oanjaan oft se meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)