Protest tsjin Dútse wynmûnen

© Omrop Fryslân
De Waadferiening en de gemeente Skiermûntseach binne tsjin it wynmûnepark dat de Dútske dielsteat Niedersachsen tastean wol ten noarden fan Rottumerplaat. Dêr soene 44 wynmûnes fan 200 meter heech komme. Tiisdei waard yn Oldenburg in harksit oer it wynpark Riffgat hâlden.
It park leit neffens de tsjinstanners te ticht by de skipfeartrûte en soe derom ta oanfarringen en grutte oaljerampen liede kinne.