Poging ta deaslach: sel easke

Tsjin 3 jonges út Driezum-Wâlterswâld binne tiisdei by de rjochtbank fan Ljouwert selsstraffen fan in healjier easke. De jonges stiene terjochte foar poging ta deaslach op in ynwenner fan Wâlterswâld.
By de Hynstedagen yn july 2006 krige de ploech spul mei it slachtoffer. De jonge waard hast dea skopt. Hy waard rêden om't syn freondinne syn holle beskerme mei har lichem. De útspraak is 30 jannewaris.