Mear soarch foar âlde beammen

© Omrop Fryslân
Alde beammen yn Ljouwert wurde tenei folle better fersoarge en beskerme tsjin kap. Der is in list makke fan alle beammen dy't hiel âld binne of hiel goed âld wurde kinne. It giet om goed 1400 beammen. Dizze beammen krije tenei spesjale soarch. It makket net út oft se fan de gemeente of fan in partikulier binne.
Mocht der in kapfergunning foar sa'n beam oanfrege wurde, dan wurdt dy no troch it kolleezje sels beoardield.