Kantongerjocht slút de doarren

© Omrop Fryslân
It kantongerjocht yn Beetstersweach giet ticht. Minister fan justysje Hirsch_Ballin skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer. De sluting siet der al langere tiid oan te kommen. De eardere minister Donner joech Beetstersweach noch eefkes útstel.
De rjochtbank fan Ljouwert, dêr´t it kanton Beetstersweach ûnder falt, hat de sluting oanfrege. De reden wie dat der mar 35 sittingdagen yn it jier binne.