Toeristen Flylân djoerder út

16 jan 2007 - 13:56
  • Flylân betellet jachthaven ûnder oare mei toeristejild

De toeristebelesting op Flylân giet mei fiif sint omheech. It jild wurdt brûkt foar útwreiding en ferbettering fan 'e jachthaven en it neistlizzende bedriuweterrein. De kosten fan jachthaven en bedriuweterrein binne goed tsien miljoen euro.

De jachthaven moat takom jier klear wêze. Der komt hoareka, in pompstasjon en in ôffalwetterpunt. It bedriuweterrein komt achter de ferhege seedyk te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)