Joadsk monumint skeind

16 jan 2007 - 13:25

It Joadsk monumint yn it Van Haarsmapark yn Drachten is bekladdere mei rassistyske teksten. It monumint stiet sûnt 2001 yn it park. It is oprjochte as neitins oan fjirtjin Joaden út de gemeente Smellingerlân dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn de Nazikampen omkommen binne.

De teksten binne ûnderwilens al fan it monumint ôfhelle. De plysje hat foto's makke om te ûndersykjen oft der in ferbân is mei oare bekladderings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)