'Faker ferhúzje foar baan'

16 jan 2007 - 11:52

Friezen sille yn 'e takomst faker ferhúzje moatte foar it wurk. Dat is de ferwachting fan de Ryksuniversiteit Grins.

Der ûntstiet hieltyd mear krapte op de arbeidsmerk yn Noard-Nederlân. Om dêrfan te profitearjen soene Friezen fleksibeler wurde moatte, krekt sa as yn de Rânestêd. Yn it Noarden is benammen fraach nei technysk en medysk personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)