Klimaatpriis foar Waadgebiet

© Omrop Fryslân
De stichting Waddenland sil ein maart in priis útrikke foar de meast duorsume, kreatyve en ynnovatieve ûndernimming fan it Waadgebiet.
Op dizze wize wol de stichting minsken oanmoedigje miljeufreonlike te ûndernimmen. Eltsenien dy't wat betinkt om yn produksjeprosessen it miljeu te sparjen makket kâns op de ûnderskieding. Oanmeldings moatte foar 9 maart binnen wêze. Doel is om de priis jierliks út te rikken.