'Iepenbier ferfier fergees'

15 jan 2007 - 15:01
  • As it oan GrienLinks leit yn 'e takomst fergees ...

GrienLinks wol dat der fergees iepenbier ferfier komt yn Fryslân. Yn Ljouwert, Hearrenfean en Drachten moatte der neffens de partij proeven dien wurde mei fergese bussen. Ek moat it iepenbier ferfier ferbettere wurde.

Iien en oar stiet yn it ferkiezingsprogramma fan GrienLinks. Dat wurdt woansdei presinteard op it busstasjon fan Hearrenfean. It wurdt dan oanbean oan de direkteuren fan ferfiersbedriuwen Arriva en Connexxion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)