Sven Kramer wol útrêste

De farske Europeesk kampioen allround Sven Kramer wol gjin feestfierders foar de doar ha. De kommende wike wol er benammen útrêste.
Kramer giet snein alwer nei it Dútske Erfurt ta om te trainen. Hy sil him dêr tariede op it wrâldkampioenskip allround yn Thialf. Snein pakte Kramer de Europeeske titel yn it Italiaanske Collalbo. De Aldskoater wûn de fiif en de ôfslutende tsien kilometer.