Harnzer kariljon fan slach

It lûd fan de Raadhûstoer klinkt net goed
It kariljon yn 'e Raadhústoer yn Harns is noch net de âlde. In skoftlang die it kariljon it net en no't it wer makke is, docht bliken dat der muzikaal noch wat mis mei it ynstrumint út 1966.
It kariljon klinkt falsk, slacht noaten oer en kin net mear it hiele repertoire spylje. Sân hammers fan it klokkespul moatte ferfongen wurde en dat kostet minstens tolvetûzen euro. De ried moat dêr oer beslute.