Ruterskertier ôfsletten

It Ruterskertier yn Ljouwert is fan moandei ôf net mear tagonklik foar autoferkear. Dat moat tenei omride fia de Westersingel. Moandeitemoarn waard úteinset mei de wurksumheden.
Yn de dyk komme beweechbere peallen, sadat bussen en helptsjinsten der noch wol lâns kinne, mar gewoane auto's net. De gemeente wol mei de maatregel de binnenstêd autolij meitsje. Ek al wie de ôfsluting oankundige, guon autoriders waarden dochs oerfallen.