Bejaarde man oanriden

© Omrop Fryslân
In 81-jierrige man út Balk is snein oanriden yn Rûgehuzen. Hy stuts rinnende mei syn fyts de krusing fan de Sudergoawei en de Jan Jurjenssingel oer, doe't in 43-jierrige automobilist út Hylpen oanriden kaam.
De bestjoerder hie de man net sjoen troch de leechsteande sinne. Hy besocht noch te remjen, mar koe de man net mear ûntwike. Dy moast mei ferwûnings oan de holle en de skonk nei it sikehûs yn Snits brocht wurde.