Jonge ramt winkel mei trekker

In 17-jierrige jonge út Dokkum hat sneontejûn de muorre fan de Poiesz oan de Houtduif yn syn wenplak stikken riden mei in trekker. Hy is nei alle gedachten ferskillende kearen mei opset sin tsjin de gevel oanriden.
Fia tsjûgen kaam de plysje achter de identiteit fan de dieder. De jonge is meinommen nei it plysjeburo yn Ljouwert. Omwenjenden hawwe al folle langer lêst fan hingjeugd by de supermerk.