Auto en twa rydbewizen kwyt

14 jan 2007 - 15:30

De plysje hat sneon in auto yn beslach nommen en de rydbewizen fan twa ynsittenden. Yn Twizel waard earst in autorydster betrape mei tefolle alkohol op. Se fersette har bot en moast boeid mei nei it buro dêr't har rydbewiis ynnommen waard.

Even letter seach de plysje deselde auto wer, yn Sumar. No ried in oare frou, mar dy hie ek tefolle dronken. Ek sy koe har rydbewiis ynleverje en de auto waard doe ek yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)