Sven Kramer Europeesk Kampioen

14 jan 2007 - 15:07
  • Sven Kramer pakt syn earste ynternasjonale allroundtitel (foto Martin de Jong)
  • Ek dizze wike kin der wer in krâns by de doar komme (argyffoto)

Sven_Kramer is snein yn it Italiaanske Collalbo Europeesk Kampioen allround wurden. It earste plak fan de reedrider út Aldskoat kaam op de ôfslutende tsien kilometer net mear yn gefaar. Kramer waard op dy ôfstân yndrukwekkend earste yn 13,10.44.

Yn it einklassemint waard de Italiaan Fabris twadde, Carl_Verheijen tredde. Tuitert waard achtste, Olde Heuvel tsiende. Kramer is de fyfde Fries dy't Europees kampioen reedriden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)