Winst foar de Flyers

14 jan 2007 - 13:19

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers út Hearrenfean ha sneon har neiste konkurrint foar de play offs, Den Haag, ferslein. De Feansters wûnen mei 5-2, nei de perioadestannen 1-0, 2-0 en 2-2. Nei in betide goal fan de Flyers kaam de winst nea yn gefaar.

De Flyers steane no op it fyfde plak mei 9 punten út 9 wedstriden. Se moatte op it fjirde plak einigje om de play offs te heljen. Op dit stuit stiet Nijmegen dêr, mei 11 alve punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)