Man byt spoarweiplysje

14 jan 2007 - 11:10
  • De plysje waard biten troch in swartrider

In Ljouwerter (38) hat sneontenacht yn Utrecht in meiwurker fan de spoarweiplysje yn 'e hân biten. De man wie troch in kondukteur betrape op it riden sûnder jildich kaartsje. Omdat er dêrby de kondukteur bedrige, waard de spoarweiplysje ynskeakele.

Nei it biten wegere de man mei te wurkjen oan in bloedûndersyk, om te sjen oft er ek in earnstige sykte hat. Moandei wurdt mei in koart geding besocht dy meiwurking noch te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)