Blessuere Mark de Vries

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Mark de Vries kin freed net spylje by Cambuur yn de thúswedstriid tsjin FC Den Bosch. De spits hat in kûtblessuere en is net ynsetber. Syn plak yn de spits wurdt ynnaam troch Martijn Barto. Fierder komme der gjin wizigings yn de opstelling fan Cambuur, yn fergelyk mei de wedstriid fan ferline wike tsjin FC Eindhoven. Erik Bakker en Sandor van der Heide binne noch altyd blesseard. De Ljouwerters ferwachtsje in swiere wedstriid tsjin FC Den Bosch. De Brabanners stean fjirde mei 47 punten út 27 wedstriden. Cambuur is sechde mei 43 út 27.