Brân yn wenhûs Ljouwert

14 jan 2007 - 11:06

Yn in wenhûs oan de Willem_Loréstrjitte yn Ljouwert hat sneintemoarn brân west. De brânwacht koe net foarkomme dat de ûnderferdjipping fan it hûs útbaarnde. De boppeferdjipping rûn reekskea op. It blussen hat in oere duorre.

It fjoer waard om healwei sânen ûntdutsen troch de bewenner, dy't in blokje om west hie. Oer de oarsaak en de hichte fan de skea is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)