Arriva biedt ekskuzes oan

14 jan 2007 - 08:40

Ferfiersmaatskippij Arriva biedt yn in advertinsje yn it Dagblad van het Noorden syn ferûntskuldigings oan foar flaters yn de tsjinstregeling. Arriva doelt dan benammen op it trajekt tusken Grins en Nieuweschans. Dêr ha de lêste tiid in soad fertragingen west. Arriva seit dat der yntusken in tal ferbetterings trochfierd binne.

Ferline wike krige Arriva noch mear as tûzen klachten binnen oer de nije regeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)