Avanti wint Midwintercup

© Omrop Fryslân
Futsallklub Avanti út Stiens hat sneon de tweintichste edysje fan de Midwintercup wûn. Yn Frentsjer hawwe sy yn de finale mei 2-0 wûn fan Extador út Harns. Tredde waarden FCL út Ljouwert en Marum.
By de froulju gie de winst nei It Hearrenfean. Sy namen de pengels nei in 1-1 einstân better as Tolbert. VIOD Driezum en Be Quick Dokkum waarden tredde.