Hearrenfean praat mei spilers

22 mrt 2012 - 12:27

Sportklup Hearrenfean praat takom wike tiisdei mei fjouwer spilers wêrfan't de kontrakten ôfrinne. It giet om Geert Arend Roorda, Michel Breuer, Viktor Elm en Gerald Sibon. Technysk direkteur Johan Hansma sil yn petear mei de fjouwer spilers en de ferwachting is dat de spilers te hearren krijen oft harren kontrakt ferlingd wurdt of net.

Viktor Elm hat al oanjûn dat hy útsjocht nei in oare klup. "Ik denk dat ik nog eens in een ander land dan Zweden en Nederland wil kijken." Foar Sibon, Roorda en Breuer jildt dat se alle trije graach bliuwe wolle by de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)