Amper wurk foar sâltstruiers

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat hat yn Fryslân al mear as 100.000 euro besparre op de glêdheidsbestriding. De sâltstruiers binne dit seizoen noch mar ien kear útriden. Doe wie it in previntive aksje.
Ferline jier moast Rykswettersteat yn deselde perioade 25 kear yn aksje komme. De sachte winter betsjut net dat personiel fan Rykswettersteat thús sit. Minsken helpe by de gefolgen fan bygelyks stoarmskea.