Fragen oer krisis Gaasterlân

© Omrop Fryslân
Deputearre Ploeg wol net op foarhân reagearre op fragen oer de bestjoerskrisis yn Gaasterlân-Sleat. De FNP hie fragen oer it oerlis fan moandei. Neffens de partij is de gemeente Wymbritseradiel net útnoege om't dy gemeente net foar it gearfoegen fan de gemeenten yn it súdwesten fan de provinsje is.
Deputearre Ploeg sil binnen seis wiken mei in antwurd komme. Dat is de wetlike termyn dy't der foar stiet.