Dakar team 85ste
Marcel Schoo en Roelof Koning binne freed mei harren jeep as 85ste oer de streek kaam yn de sande etappe fan de Dakar-rally. Yn it algemien klassemint steane se no op it 76ste plak, op mear as 20 oeren achter de klassemintslieder.
De etappe fan sneon giet oer 580 kilometer nei it plakje Atar.