FNP: Wymbrits ek nei petear

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de FNP wol fan it provinsjebestjoer witte wêrom't Wymbritseradiel net útnoege is foar in petear oer de bestjoerskrisis yn Gaasterlân-Sleat. Neffens de FNP binne oare omlizzende gemeenten wol frege. It petear wurdt moandei hâlden.
De FNP tinkt dat Wymbritseradiel net frege is, omdat dy gemeente net foar in gearfoeging fan gemeenten yn de sudwesthoeke is. De útnoege gemeenten binne dat wol.