Rêdende hynders yn it sintsje

13 jan 2007 - 09:56

Minister Veerman fan Lânbou hat freed yn Ljouwert de hynders yn it sintsje set, dy't belutsen wienen by de rêding fan de hynders yn it Noarderleech. De hynders krigen by de hynstekeuring yn it WTC-Expo in rozet opspjelde.

Koart dêrnei foel ien fan de seis berydsters fan har hynder. Se waard oerbrocht nei it sikehûs om't se sân moannen yn ferwachting is. Se hie gjin slimme ferwûnings en mocht nei ûndersyk wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)