Drege tiden foar reisburo's

© Omrop Fryslân
Reisburo's ha it dreech. Hieltyd mear kantoaren geane fallyt. Ek ferline jier moast goed seis prosint fan alle kantoaren har doarren slute. Se koenen de konkurrinsje mei ynternet net oan. In reis boeke fia de kompjûter is faak makliker en goedkeaper.
De weromgong sette yn 2000 yn mei't mear minsken thús in reis boekten. Yn Harns wienen eartiids trije reisburo's, no is der noch ien oer. Dy hie ferline jier ek minder omset.