Sven Kramer wint 5000 meter

© Omrop Fryslân
Sven Kramer hie freed de bêste tiid op de 5000 meter. Hy liedt no nei twa ôfstannen it klassemint op it EK allround yn it Italjaanske Collalbo. Mei in tiid fan 6:15:65 hat de Aldskoater it wrâldrekord op bûteniis yn hannen. Twad op de fiif kilometer waard Carl Verheijen en tred de Italjaan Enrico Fabris.
Earder op dei einige Sven Kramer as fyfde op de 500 meter. Doe wie Enrico Fabris de rapste.