Rêdingsboat as miny-museum

12 jan 2007 - 17:06
  • de âlde rêdingsboat

De eardere rêdingsboat fan de Skâns en Lauwerseach is werom op syn âlde plak. Njoggen jier lyn waard 'De Gebroerders Luden' troch de rêdingstsjinst KNRM út de feart helle en útliend oan de rêdingstsjinsten op Iislân.

Doe't de boat op Iislân net mear nedich wie, ûntstie it idee de boat werom te heljen. Undernimmers, stipers en âld-rêders ha de boat foar 100.000 euro kocht fan de KNRM. De boat wurdt ynrjochte as miny-museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)