Brêge Terherne moat wer iepen

12 jan 2007 - 14:08

De brêge yn Terherne moat wer iepen kinne by gelegenheden as Sinteklaas of it begjin fan it wettersportseizoen.

By de doarpsfernijing is de brêge sa makke dat dy noch wol iepen kin, mar de lêste twa jier wol de gemeente Boarnsterhim der net mear oan meiwurkje. De kosten binne 3000 euro om't de buert earst offisjeel op de hichte brocht wurde moat. Der moat wer jild foar beskikber fynt Pleatslik Belang. Se ha der in brief oer skreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)