Plysje docht 'DNA-ynhelslach'

12 jan 2007 - 12:17

De plysje Fryslân is dwaande mei in grutte ynhelslach om oan it DNA te kommen fan minsken dy't feroardiele binne. Sûnt de nije DNA-wet fan 2005 moatte minsken mei in feroardieling fan 4 jier of mear DNA ôfstean op it plysjeburo. De plysje hat hjir in sprekoere foar, mar lang net alle feroardielden komme frijwillich.

Wa't net komt wurdt no troch de plysje ophelle. Ofrûne woansdei waarden 8 Snitsers en ien Drachtster ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)