Ungelok auto Frysk Dakar-team

12 jan 2007 - 12:12

It Fryske team is yn de sechsde etappe fan de Dakar-rally mei de auto oer de kop gien. Marcel Schoo en Roelof Koning fan Wolvegea binne net ferwûne rekke. De auto hie ûnder oare fjouwer lekke bannen, mar it team is jûns let wol oer de finish kaam.

Se waarden 122ste. It team stiet yn it algemien klassemint no 96ste. It team hat tongersdeitejûn noch oan de auto wurke. De twa bestjoerders koenen freed wer oan de etappe begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)