Snits rint goed in ton mis

© Omrop Fryslân
Snits rint dit jier in bedrach fan 110.000 euro mis. Dat komt om't de gemiddelde wearde fan de huzen yn de gemeente mei 12 prosint omheech gien is. Neffens it Ryk kin de gemeente no mear ûnreplik guod-belesting freegje en komt der dêrom in minder hege útkearing út it gemeentefûns.
De gemeenterie hat lykwols earder bepaald dat de belesting yn Snits allinne mei de ynflaasjekorreksje omheech mei.