Frjentsjerteradiel wol seehûn

© Omrop Fryslân
Ek de gemeente Frjentsjerteradiel hat belangstelling foar de fêstiging fan de seehûnekres fan Lenie 't Hart. Dy kres is fan doel te ferhuzjen út Pieterburen wei, omdat dêr gjin útwreidingsmooglikheden mear binne.
De gemeenterie fan Frjentsjerteradiel hat tongersdei besletten in brief nei 't Hart te stjoeren mei it oanbod nei de gemeente te kommen. Earder al melden Harns, Ferwerderadiel en Dongeradiel har as fêstigingsplak.