Doeksen fart net op eilannen

De fearboaten lizze net oan yn Harns
Rederij Doeksen hat tongersdei fanwege de stoarm alle ôffearten fan en nei Skylge en Flylân skrast. De kapiteins fan de fearboaten De Vlieland en De Friesland fûnen it net ferantwurde om de oerstek te weagjen.
Rederij Doeksen hie woansdei al beslist dat der de rest fan de dei ek gjin boaten mear farre, sadat ferkear fan en nei Skylge en Flylân tongersdei dus net mooglik is.