Harnzer wint gouden Koksmûtse

10 jan 2007 - 22:35

Marco Poldervaart fan restaurant De Gastronoom yn Harns hat woansdei op de horekabeurs Horecava de Gouden Koksmûtse 2007 wûn. De itensiedwedstriid jild as it nasjonale kampioenskip foar koks yn de hoareka. Earder foel Poldervaart ek al yn de prizen doe't syn restaurant opnaam waard yn de Lekker 2007, de list mei de 100 bêste restaurants fan Nederlân.

Poldervaart sels waard yn dy list as ien fan de beste 10 koks fan it lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)