´IIsstjerren´ traine op Thialf

© Omrop Fryslân
IIsstadion Thialf wurdt dizze dagen troch tillevyzjestjoerder SBS6 brûkt as trainingsplak foar de ´iisstriid´ op televyzje. Fiif min of mear ferneamde Nederlanners oefenje op It_Hearrenfean foar de foarronde fan it populêre show Sterren_dansen_op_het_ijs. It binne ûnder oare Patty_Brard, Mike_Starink en Lola_Brood.
It programma set tongersdei út_ein. Dyselde deis begjint konkurrint RTL mei Dancing on Ice.