Besuniging yn Dongeradiel

© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer fan Dongeradiel hat útstellen makke wêrmei't de kommende jierren oardel miljoen euro besparre wurde kin. De gemeente hat de ôfrûne jierren ek al flink besunige, mar noch net genôch.
De nije besparrings wurde dien op skoalswimmen, sportfoarsjennings en de eigen organisaasje. Ek wurdt der mooglik toeristebelesting ynfierd. De gemeente ferwachtet in soad diskusje oer de besunigings.