Krityk op yngenieursburo

© Omrop Fryslân
Fakbûnen FNV en CNV hawwe krityk op it personielsbelied fan yngenieursbedriuw Oranjewoud. Wurknimmers soene derta twongen wurde in ûngeunstige pensjoenregeling ôf te sluten. Se krije minder jild as se net tekenje. Mei de nije regeling soene wurknimmers pas letter mei pensjoen kinne. Ek hawwe se in grutte kâns der finansjeel minder op te wurden. Oranjewoud woe foarearst net yngean op de krityk fan 'e fakbûnen.