Nije website Omrop Fryslân

Woansdeitemiddei om 16.00 oere is de nije website fan Omrop Fryslân on-line gien. Troch de oergong fan de âlde nei de nije website en de grutte belangstelling wie de nije site woansdei noch wol oan de trage kant.
Belangrike ûnderdielen fan de nije site binne Utstjoering Mist en de wurdlist, in helpmiddel foar minsken dy't muoite hawwe mei it lêzen fan Fryske teksten. Ek oare media ha in soad belangstelling foar de nije site.