Accolade wist fan ferhúsplannen

© Omrop Fryslân
Projektûntwikkelder Accoladegroep wist al dat Cambuur eventueel plannen hat foar ferhuzing nei in oar plak. Mar se wolle wol fêsthâlde oan ûntwikkeling fan de plannen op de âlde lokaasje.
Ald-Cambuur-direkteur Juckers oppere earder woansdei it idee fan in nij stadion by de Werpsterhoeke. Foarsitter Monsma fan de supportersferiening fynt plak net wichtich. Salang't de club mar sûn is, makket de lokaasje net folle út.